Snitser sit fêst op stek

29 mrt 2004 - 00:00

In Snitser (28) rekke dit wykein ferwûne doe't er oer in stek oan de Lytse Tsjerkestrjitte besocht te klimmen. Hy bleau mei syn skonk hingjen op in stielen pylk. De brânwacht moast him derôf helje. Dernei is er oerbrocht nei it sikenhûs. De man wie eefkes dêrfoar út in kafee set. Dat wie oan 'e achterkant en hy woe oer it stek fuortkomme. Dat it stek ek gewoan iepen koe, wie de man ûntgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)