Snitser rydt mei drank op

22 sep 2013 - 11:27
  • Alkoholkontrôle

De plysje hat sneontenacht it rydbewiis ynnaam fan in 41-jierrige Snitser. Hy siet mei drank op achter it stjoer. In oare autobestjoerder hie de plysje warskôge nei't er sjoen hie dat de man midden op de dyk ried. Op de Gudsekop yn Snits waard er oan de kant set. Pas nei fyftjin kear besykjen, wie der in goede blaasproef.

De man hie tefolle dronken en moast mei nei it buro. Dêr is syn rydbewiis yn beslach naam. De Snitser is fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)