Snitser rydt fierstente hurd

10 jul 2011 - 14:12

In 20-jierrige automobilist fan Snits is sneon by Nijeholtpea oanhâlden om't er goed 140 ried dêr't er mar 80 mocht. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke. Bliken die dat er noch in grut ferskaat oan ferkearsboetes útstean hie. Syn heit hat dy betelle.

Ek op de A32 by It Hearrenfean hat de plysje in rydbewiis yn beslach naam. In 46-jierrige ynwenner fan Vianen ried mei goed 170 tusken Akkrum en It Fean. Dêr is 120 tastien. Ek tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)