Snitser rydt fierstente hurd

25 des 2008 - 15:15

De plysje hat yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei it rydbewiis ynfoardere fan in 21-jierrige Snitser. De man foel op troch syn rydgedrach en waard oanslutend troch de plysje folge.

De man ried op de Stedsrûnwei-súd 145 kilometer de oare, wylst 80 dêr de maksimumsnelheid is. Omdat de man 65 kilometer te hurd ried mocht er syn rydbewiis ynleverje. Fierder waard ek prosesferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)