Snitser politisy op de jiermerk

18 maaie 2005 - 07:40

Op de jiermerk yn Snits binne sân húskeamers ynrjochte om de polityk tichter by de boarger te krijen. Dêr wiene kofje en koekjes te krijen en riedsleden stiene de besikers te wurd. Foar alle riedsfraksjes wie der in húskeamer.

De Snitsers koene sa mei de politisy prate oer bygelyks hûnestront, losse tegels of oare saken dy't har swier op de mage lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)