Snitser oppakt foar mishanneling

21 maaie 2006 - 17:18

De plysje hat sneintemoarn yn Snits in 27-jierrige ynwenner fan dy stêd oanholden op fertinking fan mishanneling. De man soe yn in bar in 17-jierrige ynwenner fan Drylts slein ha. Dêrnei wie de man útnaaid.

De plysje koe de man yn in snackbar oanhâlde. Dêr waard by de man hasj oantroffen. De fertochte seit sels dat er it slachtoffer wurden is fan in berôving. De plysje siket de saak fierder út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)