Snitser mishannelet Lemster

04 feb 2015 - 10:44

In 23-jierrige Snitser is tiisdeitejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Hy wie mei in kunde fan De Lemmer yn dat plak oan it kuierjen doe't se spul krigen. Dêrby hat er it slachtoffer slein en in kopstjit jûn. De Lemster moast nei de dokter. De plysje koe de fertochte letter yn syn hûs oanhâlde. Hy krijt in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)