Snitser manlju yn eigen hús bedrige en slein

09 jan 2015 - 10:55
  • Plysje

In 21-jierrige Snitser is tongersdeitejûn yn syn hûs oan de Gele Lis mishannele en berôve. In 23-jierrige freon fan him dy't op besite wie, is troch de dieders mei in mes bedrige. Ien fan de oerfallers hie earder op de jûn al by it slachtoffer oan de doar west. Hy kaam letter werom. It slachtoffer hat de man doe binnenlitten. Doe't de bewenner letter yn 'e keuken stie, kamen der noch trije manlju it hûs yn. De bewenner is yn de keuken slein.

De fjouwer fertochten binne mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)