Snitser Lidl moat ferhúzje

24 feb 2009 - 13:40
  • De Lidl ferdwynt fan it Antoniusplein

Supermerk Lidl oan it Sint Antoniusplein yn Snits moat ferhúzje. Buertbewenners ha jierren dwaande west om de supermerk derwei te krijen. De omwenners ha lêst fan it leven fan ladende en lossende frachtweinen. Op lest fan de rjochter moat der no sjoen wurde nei in oare lokaasje.

De ried fan Snits sil 4 maart gear oer it probleem. Der wurdt tocht oan in nije winkel njonken de Texaco oan de Alde Toppenhuzerwei. Lidl wol graach meiwurkje oan in ferhuzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)