Snitser ledlampebedriuw krijt folle mear opdrachten

26 jul 2015 - 14:17
  • Direkteur Andrew Fidder fan LED Light Europe

In Snitser ledlampebedriuw hat de ôfrûne moanne trije kear safolle opdrachten binnenkrigen as oars. LED Light Europe ûnwikkelet en leveret ledlampen dy't earne oars yn Nederlân makke wurde. De oplibbing komt trochdat in soad bedriuwen en ynstellings út de krisis komme en ynvestearje wolle yn fernijing en duorsumens.

De ferkeap fan ledlampen leit dit jier foar it earst heger as de ferkeap fan sparlampen. It Snitser bedriuw ferkeapet ferljochting oan sporthallen en skoallen, en ûntwikkelet en leveret strjitferljochting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)