Snitser krijt 4 bekeurings

26 aug 2010 - 10:48

In 50-jierrige Snitser hat woansdei yn syn wenplak yn twa oeren tiid fjouwer bekeurings krigen. Trije foar it drinken fan alkohol op strjitte op ferskate plakken yn de stêd en ien foar it feit dat er de hûn net oan de riem hie.

De man wie yn it selskip fan in pear stedgenoaten. Ien dêrfan krige twa bonnen foar it drinken fan alkohol op strjitte. In oare Snitser woe syn identiteitsbewiis net sjen litte en krige dêr in bon foar..

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)