Snitser jout portier klap

14 sep 2013 - 11:33
  • Geweld

In 20-jierrige Snitser is sneontenacht oanhâlden yn syn wenplak nei't hy in portier in klap jûn hie. De plysje krige fia de hoarekatelefoan in melding fan in mishanneling yn de Lytse Tsjerkestrjitte.

It die bliken dat de Snitser in 24-jierrige portier slein hie. Hy krijt in proses-ferbaal. De man hat boppedat in tagongsferbod krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)