Snitser hospice no al te lyts

04 jun 2004 - 00:00

It hospice Súdwest-Fryslân yn Snits is no al te lyts. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it funksjonearjen fan it tehûs. Yn it hospice kinne minsken dy't slim siik binne harren lêste dagen yn húslike sfear trochbringe. It Snitser hospice is yn 2000 begûn. Der hawwe yntusken tsientallen pasjinten gebrûk makke fan it hûs.

Belangrykste probleem fan it hospice is dat de finansiering noch hieltiten net struktureel regele is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)