Snitser frou swier mishannele

06 jan 2009 - 10:05

De plysje ûndersiket swiere mishanneling fan in 48-jierrige frou yn Snits. Moandeitenacht liet de frou har hûntsje út doe't in groepke jongeren in opmerking oer it bistke makke. De frou rûn dêrop troch, mar fielde in klap op har rêch.

Se rûn troch nei hûs en fielde thús bloed oer har rêch rinnen. De plysje waard warskôge en ûntduts in tal lytse stekwûnen op har rêch. De omjouwing waard noch trochsocht, mar dieders binne noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)