Snitser follybalsters winne wedstriid tsjin Gent mei 3-1

28 okt 2015 - 22:56

De Snitser follybalfroulju ha in geweldich Europeesk begjin yn de CEV Cup. Yn België waard VDK Gent mei 3-1 ferslein. Yn de earste twa sets wiene de spylsters fan coach Petra Groenland oppermachtich en waard it twa kear 25-15 foar Snits. Yn de tredde set waard it 8-4 foar Snits, mar dêrnei makke Gent minder flaters en wûn mei 25-19.

Snits hie yn de fjirde set in hiele klau om de Belgyske froulju yn te heljen. Dat slagge op 19-19 en de set waard wûn mei 25-23. Op woansdei 11 novimber is de return yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)