Snitser follybalfroulju winne

17 okt 2013 - 22:08
  • De follybalfroulju fan Snits (argyffoto)

De follybalfroulju fan VC Snits ha ek de twadde wedstriid fan de kompetysje wûn. It waard tongersdei 3-1 yn de Snitser sporthal tsjin Lycurgus út Grins. De earste set waard mei 25-20 wûn. Dêrnei joech de ploech fan Petra Groenland yn de twadde set net thús en waard mei mar leafst 12-25 ferlern.

Troch wat omsettings kaam de trein wer op de rails en pakten de froulju mei 25-14 en 25-10 de tredde en fjirde set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)