Snitser follybalfroulju meitsje har op foar Callenge Cup

12 nov 2014 - 11:09
  • Tarieding yn Snitser sporthal

De follybalklup Snits makket him op foar de earste Europeeske wedstriid sûnt 1993. De follybalfroulju wûnen de beker en fertsjinnen dêrmei in ticket foar de Challenge Cup. Tsjinstanner is it team fan Alterno út Apeldoorn.

Foar de wedstriid jilde Europeeske regels en dat betsjut dat yn de Snitser sporthal in nije flier lein is en ek is mear ljocht oanbrocht. Boppedat moast der ferplicht soarge wurde foar in taskôgerskapasiteit fan minimaal tûzen minsken. Op de shirts fan de spylsters meie gjin sponsornammen foarkomme.

De jierren '70 en '80 wiene de gloarjedagen foar it Fryske frouljusfollybal. DVC Dokkum en Animo en Olympus Snits wiene faak kampioen fan Nederlân. Yn de jierren '80 en begjin jierren '90 hat Snits sân kear Europeesk follybal spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)