Snitser foljebalsters ferlieze

17 okt 2004 - 15:59

De earedivyzje-foljebalsters fan Snits ferlearen sneon de thúswedstriid tsjin Stam/SoVoCo mei 3-2. De Snitser froulju pakten wol de earste twa sets, mei 25-23 en 25-20, mar doe gie it mis.

SoVoCo pakte trije sets achter inoar. De stannen wiene: 22-25, 14-25 en 9-15. It betsjut it twadde ferlies op rige yn de kompetysje foar de foljebalsters út Snits. Ferline wike ferlearen se mei 3-2 fan AMVJ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)