Snitser flechtet oer balkon foar driigjende ynbrekker

17 maaie 2015 - 11:36
  • Ynbraak

In bewenner (28) fan de Furmerusflat yn Snits is sneontejûn oer syn balkon nei de buorlju flechte neidat hy troch in ynbrekker mei de dea bedrige wie. De ynkringer, in 30-jierrige Snitser, hie in rút yn de foardoar fernield en stuts syn holle troch it gat. Doe't er de bewenner seach, drige er him te fermoardzjen. De Snitser hat by de buorlju de plysje belle.

Dy hat de ynbrekker op de galerij fan de flat oppakt. Hy wie ûnder ynfloed fan drugs. De plysje tinkt dat de ynkringer op it ferkearde adres wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)