Snitser filmfestival súkses

24 jan 2011 - 10:15

It nije filmfestival Snits hat it ôfrûne wykein hast 1500 besikers lutsen. Dat is boppe ferwachting. Yn it foar hie de organisaasje sein bliid te wêzen mei tûzen besikers. Foaral de iepeningsfilm The kids are allright op freedtejûn luts in soad publyk. It is noch net dúdlik oft der in ferfolch komt op it Snitser filmfestival.

Mei elkoar wiene der de ôfrûne trije dagen 33 films te sjen. Neffens de organisaasje wie it it ôfrûne wykein echt filmwaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)