Snitser fêst foar sjitpartij

26 nov 2010 - 06:15

De plysje hat tongersdeitejûn yn in hûs yn Snits in 29-jierrige man út dat plak oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by in sjitpartij yn Eindhoven. Dêr kaam tsien dagen lyn in 28-jierrige man by om it libben. It slachtoffer waard op strjitte fûn neidat buertbewenners heard hiene dat der sketten waard.

De Snitser sit fêst. De plysje fan Eindhoven slút net út dat der mear oanhâldings folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)