Snitser fertocht fan deaslach

24 aug 2006 - 14:37

In man út Snits wurdt hjoed foarlaat yn ferbân mei de dea fan in besiker fan de Bavaria City Race yn Rotterdam.

De man (26) ferstoar tiisdei, neidat er snein troch in groepke befeiligers fan it terrein fan it evenemint ôfset wie. Tsjûgen sizze dat it slachtoffer mishannele is, mar de befeiligers ûntkenne dat. Sân meiwurkers fan it befeiligingsbedriuw binne oanhâlden. Seis komme frij, mar wurde noch wol as fertochte sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)