Snitser fernielt bushokje

18 mrt 2013 - 10:59
  • Geweld

In 17-jierrige ynwenner fan Snits is ôfrûne nacht oanholden foar it fernielen fan in bushokje op de Boalserterwei yn syn wenplak. In tsjûge seach dat de Snitser it rút fan it hokje fernielde. Hy wie yn it selskip fan noch fiif oare persoanen. Fia de melding fan de tsjûge hie de plysje in goed sinjalemint fan de fertochte en koe hy gau oppakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)