Snitser fandaal pakt mei drugs

28 des 2013 - 10:05

In 18-jierrige Snitser is freedtenacht oan de Gerrit de Vriesstrjitte yn syn wenplak oanhâlden om't er in wenning yn dy strjitte fernielde. De man hie earder dy nacht in stik hout fan it hûs ôfbrutsen. Dêrmei woe er in mûtse út in beam helje. De eigener fan de wenning seach alles en belle de plysje. By de oanhâlding die bliken dat de man 6 xtc-pillen by him hie. De drugs binne yn beslach nommen. Nei't der proses ferbaal tsjin de man opmakke wie, mocht hy it plysjeburo wer ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)