Snitser fandaal oppakt

15 des 2010 - 10:35

In Snitser (18) is troch de plysje oppakt fanwege it fernielen fan de wachtromte fan it stasjon yn syn wenplak. De plysje krige tiisdei oan de ein fan de jûn in melding dat de jonge by it stasjon mei stiennen stie te goaien. Doe't de plysje by it stasjon kaam, ûntdutsen se de fernielings. De man wie ûnder ynfloed fan drank, ek hie er drugs by him.

De man is fêstset foar fierder ûndersyk. Neffens de plysje hat er mear fernielings dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)