Snitser fan 38 jier sûnt justerjûn fermist

07 jan 2015 - 14:16

De 38-jierrige Gert-Jan Luimstra út Snits wurdt sûnt tiisdeitejûn fermist. De man is om sân oere jûns te foet fuortgien en dêrnei net wer sjoen. Syn famylje sit slim yn noed. Luimstra hat in gewoan postuer en koart, donker hier. Hy hie in grize mûtse op, in swarte jas en swart-wite Adidasskuon oan doe't er fuortgie.

De plysje hat woansdeitemiddei in helikopter ynset om nei de fermiste man te sykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)