Snitser dieveduo stelt fytsen

18 jul 2014 - 10:37
  • Oanhâlden

De plysje hat tongersdeitejûn twa jonges fan 13 en 14 jier út Snits oanholden op fertinking fan fytsestellerij. De jonges waarden betrape op it Skieppemarktplein yn Snits wylst se besochten de slotten fan twa fytsen iepen te krijen. In tsjûge belle de plysje, dy't de beide jonges oanhâlde koe. It jonge dieveduo is meinaam nei it buro. De eigeneresse fan ien fan beide fytsen hat oanjefte dien. De oare eigener is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)