Snitser dief oppakt

17 mrt 2013 - 14:21
  • Ynbraak

In 24-jierrige Snitser is sneontenacht yn syn wenplak oanholden foar in ynbraak yn in hûs oan de Morrahemstrjitte. In tsjûge hearde glêsgerinkel en belle fuortdalik de plysje. Dy seach de fertochte in stege yndraven en koe de man, mei in bliedende hân, gau oanhâlde. Hy is ynsletten op it plysjeburo. It is noch net bekend oft er wat meinommen hat. In 28-jierrige Snitser hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)