Snitser dealer oppakt

26 jul 2013 - 14:43

In 26-jierrige Snitser is tongersdeitejûn oanhâlden op fertinking fan it hanneljen yn harddrugs. By it trochsykjen fan syn wenning fûn de plysje in grutte partij harddrugs, mei ûnder oare XTC en speed. De plysje hold ek in 20-jierrige fertochte út Heiloo oan, dy't by de drugshannel belutsen wêze soe.

By de aksje waard boppedat proses-ferbaal opmakke tsjin seis persoanen dy't op dat stuit yn de wenning oanwêzich wiene. De beide dealers sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)