Snitser CDA'er ferlit ried

16 sep 2009 - 21:39
  • Ger Dikhoff

De Snitser CDA-politicus Ger Dikhoff leit syn funksje yn de gemeenteried del. Hy wol plak meitsje foar nije, talintfolle politisy no't de stêd Snits op it punt fan weryndieling stiet. Ek wol er mear tiid om pake, heit en oare helte te wêzen.

Dikhoff hat tolve jier yn de Snitser ried sitten. Hy is foarsitter fan de CDA-fraksje. Dy funksje wurdt oernaam troch Henk Jan Greven. It frijfallen plak yn de ried wurdt ynnaam troch Gea Akkerman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)