Snitser botst tsjin blombak en stelt bân fan oare auto

15 mrt 2016 - 12:18

Oan de Buorren yn Akkrum is tiisdeitemoarn in 25-jierrige man út Snits mei syn auto tsjin in blombak en in lampepeal oanriden. Troch de botsing rekke it rjochter foartsjil fan de auto skansearre. Ek de foardoar fan in njonkenlizzende wente rûn skea op, doe't de lampepeal nei de oanriding omfoel. Inkelde omwenners waarden wekker troch de klap en holpen de Snitser en syn byrider om it foartsjil te ferfangen.

Doe't de plysjes te plak kamen, krigen se in melding dat der yn Akkrum in bân fan in auto stellen wie. It die bliken dat de manlju fan de skansearre auto de bân stellen hiene. De plysje hat de manlju direkt oanhâlden en foar fierder ûndersyk ynsletten yn it sellekompleks yn Ljouwert. De auto fan de Snitser is fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)