Snitser befeiliger langer fêst

25 aug 2006 - 11:35

In ynwenner (45) fan Snits, dy't der fan fertocht wurdt in man deadlik mishannelle te hawwen by de Bavaria City Race yn Rotterdam, bliuwt foarearst noch 14 dagen fêst sitten. Dat hat de rjochtbank tongersdei bepaald. De man (26) ferstoar tiisdei, neidat er snein troch in groepke befeiligers fan it terrein fan it evenemint ôfset wie.

Fan de sân fertochten sit allinich de man út Snits noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)