Snitser bedriuw ûntwerpt ynterieur nije boaten fan Doeksen

15 feb 2016 - 21:26
  • Untwerp nije boaten Doeksen

De Snitser jachtbouwer Vripack sil ek it ynterieur fan de beide nije fearboaten fan Doeksen ûntwerpe. Earder waard al dúdlik dat it bedriuw de bûtenkant fan de boaten tekenje sil. Direkteur Paul Mellens fan Doeksen wol graach dat de Fryske ekonomy meiprofitearret fan it projekt, dat yn totaal sa'n 48 miljoen euro kostje moat. Doeksen lit twa gelikense nije fearboaten bouwe. Dy moatte farre op floeiber ierdgas, en se sille fan 2018 ôf ynset wurde. Hokker werf oft de skippen bouwe sil, wurdt nei alle gedachten begjin maart dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)