Snitser automobilist op de bon

01 des 2009 - 09:51

De plysje hat moandeitenacht yn Sint Anne in 27-jierrige man út Snits oanhâlden omdat er oan it riden wie, wylst dat offisjeel net mocht. Surveillearjende plysjes fûnen dat de man te hurd ried en giene achter him oan. Nei in stopteken, sette de man syn auto oan de kant.

By kontrôle die bliken dat de man in rydûntsizzing hie. Boppedat moast er noch fjouwer wike sitte. De Snitser hat in proses-ferbaal krigen en is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)