Snitser âld izerdieven oppakt

15 jan 2011 - 13:40

Trije Snitsers binne tongersdei yn Nijlân oanhâlden foar stellerij fan âld izer yn Reahûs. Ferline wike hiene se de eigner fan it izer frege oft er it kwyt woe. Tongersdei dûkten de Snitsers wer op en hellen al it izer fan it hiem.

De eigner krige dat yn de gaten en warskôge de plysje. Hy gie der yn de auto achteroan en koe de plysje melde wêr't se sieten. De trije manlju fan 46, 34 en 24 binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)