Snitser akwadukt is lek

02 jul 2009 - 17:00

It akwadukt ûnder it Prinses Margriet-kanaal by Snits lekt. Rykswettersteat hat tongersdei de flechtstrook en de rjochterrydstrook yn de rjochting De Jouwer ôfsletten. Dat wie nedich omdat binnensipeljend wetter it asfalt woansdeitenacht op guon plakken wol 15 sentimeter omheech drukt hat.

De saak wurdt goed yn de gaten hâlden, want de kâns bestiet dat de situaasje slimmer wurdt. Rykswettersteat hat noch gjin idee wêr't it wetter krekt weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)