Snitser (85) rydt de sleat yn

06 jan 2009 - 10:52

In 85-jierrige man út Snits is moandei út de sleat helle troch in foarbygonger. De man ried yn syn auto oer It Westeind yn Sint Nyk. Yn in bocht ferlear er de macht oer it stjoer en bedarre yn in sleat.

In tsjûge seach dat it ûngelok barde en sprong yn de sleat om de man út syn auto te heljen. De bestjoerder is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)