Snitser (40) fermoarde yn Yndia

01 feb 2004 - 00:00

De 40-jierrige Snitser Sytse Douwe van Loo is sneon yn de Yndiaaske stêd Auroville troch in misdied om it libben kaam. De autoriteiten binne noch dwaande mei in ûndersyk nei it misdriuw.

It is op it stuit noch net dúdlik wannear't it lichem nei Nederlân oerflein wurdt. Van Loo wie sûnt 1996 ynwenner fan Auroville, dêr't 1600 minsken út 35 lannen wenje. Yn de stêd wenje 80 Nederlanners. Van Loo wie dêr wurksum yn de boskbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)