Snits Wyt Swart wint thús fan RKHVV

03 maaie 2015 - 15:57

Kampioen Snits Wyt Swart Boso wûn snein op eigen fjild mei 1-0 fan RKHVV. Mark Homme van der Veen iepene de skoare nei 28 minuten mei in prachtige frije traap. Yn de twadde helte moast keeper Kevin van der Meulen in pear kear yn aksje komme om de lykmakker fan de gasten út Huissen foar te kommen.

It thúspublyk seach hoe't de Snitsers dêrnei sels folop kânsen krige om de 2-0 te meitsjen. De kampioen slagge der lykwols net yn om de marzje fierder út te wreidzjen. Dêrtroch waard de treffer fan Van der Veen úteinlik it winnende doelpunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)