Snits Wyt Swart wint mei 5-0 fan koprinner Rohda Raalte

09 nov 2014 - 15:57

Snits Wyt Swart Boso pakte snein in 5-0 oerwinning op koprinner Rohda Raalte. Op eigen fjild hienen de Snitsers de bêste kânsen, mar de iepeningstreffer bleau lang út. Erolind Derguti hie op slach fan rêst de 1-0 op 'e skoech, mar fersomme each yn each mei de keeper te skoaren. Sean de Ruiter soarge yn ekstra tiid fan de earste helte dochs foar de 1-0.

Nei rêst ferrommen Mark Homme van der Veen en Derguti de foarsprong nei 3-0. Dêrmei wie it ferset by de koprinner brutsen en soargen twa doelpunten fan Age Hains Boersma foar de einstân.

Troch de romme oerwinning op Rohda Raalte is Snits Wyt Swart Boso no de nije koprinner yn de sneinshaadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)