Snits Wyt Swart wint mei 2-0

15 apr 2012 - 16:14
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat snein op eigen fjild mei 2-0 wûn fan hikkesluter Babberich. Yn in wynderige earste helte wisten beide ploegen net ta skoaren te kommen. Nei rêst seagen de taskôgers in fûler Snits Wyt Swart. Nei rûm in oere spyljen bruts Marcelino Merino Morato de wedstriid iepen. Nei in goeie aksje fan Robin Huisman de Jong wist hy de 1-0 binnen te tikjen. Yn blessueretiid foel de twadde Snitser treffer. Fan de alve meter stip ôf tekene Kevin Huitema foar de einstân.

Troch de oerwinning bliuwt Snits Wyt Swart yn de race foar de titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)