Snits Wyt Swart wint mei 1-0

04 mrt 2012 - 17:40
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat snein mei 1-0 wûn fan RKHVV. De útslach docht tinken oan in spannende wedstriid, mar neat is minder wier. De Snitsers wienen yn Huissen de hiele wedstriid lang de bettere ploech. Nettsjinsteande tal fan grutte kânsen wist Snits Wyt Swart net ta skoaren te kommen yn de earste helte. Pas yn de 64e minút kaam it ferlossende doelpunt op namme fan Robin Huisman de Jong. Fierder kaam de doelpuntemasjine fan Snits Wyt Swart net. De ploech fan trainer Johan Groote stiet no op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)