Snits Wyt Swart wint fan Magreb '90 yn Utert

27 sep 2015 - 16:57
  • Snits Wyt Swart

Yn de topklasse hat Snits Wyt Swart Boso Snits snein yn Utert mei 5-4 wûn fan Magreb '90. It wie in spektakelstik dêr't de lokkichste wûn hat. Magreb kaam op foarsprong, Freerk de Jong makke yn de 22ste minút gelyk. Dernei rûn Magreb út nei 3-1 en like de wedstriid spile.

Getuar Derguti makke lykwols de 3-2 en tagelyk krige in spiler fan Magreb read. Tjeerd Andringa makke flak dêrnei de 3-3. Yn de slotminuten waard it 4-3 en makke Patrick Altenburg de 4-4. En yn de tredde minút fan de blessueretiid makke Tjeerd Andringa de 4-5.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)