Snits Wyt Swart wint derby

13 apr 2009 - 16:14
  • Der waard stevich duelleard by it duel Snits - De Jouwer (foto Martin de Jong)

De Fryske twastriid yn de sneinshaadklasse tusken Snits Wyt Swart en De Jouwer is wûn troch de Snitsers. Yn in pittich potsje mei in soad striid en emoasje wûnen de Snitsers mei 2-1. Theo Ydema fan Snits soarge yn de 11e minút foar in 1-0 foarsprong.

Flak foar it skoft waard it 1-1 troch Oane Hornstra. De winnende treffer wie fan Freerk de Jong. Harvey Bisschop fan Snits waard yn de twadde helte fan it fjild stjoerd nei twa kear giel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)