Snits Wyt Swart thús ûnderút

26 aug 2012 - 16:14
  • Doelpunt Cees Smaal
  • De trainers Johan Groote en Johan Abma

Topklasser Snits Wyt Swart hat snein op eigen fjild mei 3-1 ferlern fan FC Lienden. Op slach fan rêst kaam de thúsploech op efterstân troch in doelpunt fan Salim Amerzgiou. Nei it skoft krige Raducio King de grutste kâns op de lykmakker, mar hy fersomme te skoaren.

Nei in oere spyljen wie it opnij Amerzgiou dy't it fizier op skerp hie. Pas yn de slotfaze brocht Cees Smaal de Snitsers mei in moaie kopbal werom yn de wedstriid. Lang mocht de bliidskip net duorje, want fan 11 meter tekene John van Loenhout foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)