Snits Wyt Swart spilet lyk

08 nov 2009 - 16:27
  • De trainer fan Snits Wyt Swart (fan de webside fan de klup)

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat yn en tsjin Lienden mei 1-1 lykspile. Spits Age Hains Boersma sette de Snitsers yn de earste helte op in 1-0 foarsprong. De Snitsers koene dy stân lang fêsthâlde, mar it gong mis yn de blessueretiid. Lienden krige in strafskop en makke der 1-1 fan.

Haadklasser De Jouwer ferlear op it eigen fjild mei 2-1 fan it Grinzer Be Quick 1887. Nei in 1-0 efterstân makke Tarek Hashemi de lykmakker. De Grinzers pakten úteinlik de 2-1 winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)