Snits Wyt Swart sleept oerwinning oer de streek by MSC

22 feb 2015 - 15:53

Koprinner Snits Wyt Swart pakte snein in drege 1-0 oerwinning op de nûmer twa MSC. Yn Meppel ferwachte it publyk in wiere topper, mar beide ploegen lieten it bot ôfwitte. De Snitsers krigen mar in pear kânsen. Age Hains Boersma hie op slach fan rêst de 1-0 op 'e skoech, mar syn skot gong oer.

Nei rêst duorre it lang foardat der einliks wat te fieren foel. Tjeerd Andringa waard mei de iennige treffer fan de wedstriid de man of the match en sleepte foar de Snitser ploech fan trainer Berry Zandink de wichtige trije punten oer de streek.

Troch de winst komt Snits Wyt Swart op 33 punten en bliuwt dêrmei koprinner yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)