Snits Wyt Swart pakt earste oerwinning

06 sep 2015 - 16:02
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart pakte snein de earste oerwinning fan it seizoen troch mei 3-0 te winnen fan De Treffers. Op eigen fjild kamen de Snitsers al nei 40 sekonden spyljen op foarsprong troch in eigen doelpunt fan de gasten út Groesbeek. Yn de 40e minút soarge Freerk de Jong mei in moai skot foar de 2-0.

Age Hains Boersma makke nei rêst de tredde Snitser treffer en smiet dêrmei de wedstriid yn it slot. De ploech fan trainer Berry Zandink koe de wedstriid dêrnei ienfâldich útspylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)