Snits Wyt Swart opnij ûnderút

21 okt 2012 - 16:29
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Topklasser Snits Wyt Swart hat snein mei 2-0 ferlern fan AFC. Yn Amsterdam sette de thúsploech de Snitsers fan it begjin ôf ûnder druk. Ut de counter soarge de ploech fan trainer Johan Groote lykwols foar it nedige gefaar. Ramon Giro Batalla en Daniël Zwart wienen ticht by in doelpunt.

Nettsjinsteande de goede start nei it skoft joegen de Snitsers de wedstriid yn de 50e minút hielendal út hannen. Ut in frije traap skeat AFC de 1-0 binnen, wêrnei't in minút letter de 2-0 op it boerd stie. Dêrmei smiet de thúsploech de wedstriid yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)