Snits Wyt Swart-MSC 1-1

04 okt 2014 - 22:26
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso hat sneontejûn op it eigen fjild mei 1-1 lyk spile tsjin MSC. De haadklasser út Meppel kaam yn de 32e minút op foarsprong. De bal rekke de latte en dêrnei hie de grinsrjochter sjoen dat de bal oer de doelline ploft wie. Daliks dêrnei moast de thúsploech mei tsien man fierder nei in reade kaart foar Marco Ahmed. Noch foar it skoft makke Alwin Velds mei in bal stiif yn it krús de fertsjinne 1-1.

Yn de twadde helte kearde Kevin van der Meulen in penalty fan MSC en krige Erolind Derguti syn twadde giele kaart.

Snits koe mei njoggen man stânhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)